• Delen
  • Alle informatie over De Kast
  • Direct boeken
  • Vraag prijs op
Download biografie van De Kast

De Kast

Eltse Grins Foarby (ft. Frysk Jeugd Orkest)

it read beskynt de greiden, de jûn falt oer de mar
dêr stean se mei har beiden en hy sjocht noch ris nei har
se stean foar harren hutte fan pôlen, liem en reid
syn hân leit op har skurte, hy wurdt mei koarten heit
it jier hast fyftjin hûndert, feroare maatskippij
se lije der net ûnder, se fiele harren frij
der is faaks wol wat geande, hy moat soms op oarlochspaad
mar wêr 't se eins foar steane, no dat wurdt er nea gewaar
dochs ha se neat te kleien en al hawwe se gjin jild
it iten dat se krije is de rykdom fan it fjild
it jier hast fyftjin hûndert, in nije hearskippij
se bûge der net ûnder, se bliuwe altyd frij

de sinne skynt al ieuwen oer ús lân
bringt de iere moarn, eltse dei opnij
de wyn hellet noch alle dagen oan
giet fan lân nei lân, eltse grins foarby

it read beskynt it kampke, de jûn falt oer de stêd
der boartet in lyts famke, noch in skoftsje aanst op bêd
se jeuzelt hûndert út, de taal dy't mem har bybrocht hat
har heit ropt troch it rút dat se nei binnen komme moat
it jier no hast twatûzen, Europa dat wurdt nij
it famke sjongt en dûnset en laket dan nei my

de sinne skynt al ieuwen oer ús lân
bringt de iere moarn, eltse dei opnij
de wyn hellet noch alle dagen oan
giet fan lân nei lân, eltse grins foarby

de sinne skynt al ieuwen oer ús lân
bringt de iere moarn, eltse dei opnij
de wyn hellet noch alle dagen oan
giet fan lân nei lân, eltse grins foarby
 

Hotnews

Hitsingles

2009 De Hel Foarby   Play Download
2003 Reis Nei De Sinne   Play
2002 Hetere Vuren   Play Download
2001 Alles Van Mij   Play
2001 Moarn Sil De Sinne Skine  
2001 Zonder Reden   Play
2000 Het Duister   Play Download
2000 Leven En Laten Leven (ft. Berv.. songtekst
2000 Wa't Ik Bin (ft. Maaike S.. songtekst
1999 Hart Van Mijn Gevoel songtekst Play Download
1999 Onvoorstelbaar songtekst Play Download
1999 Yn Myn Tinzen   Play Download
1999 In De Wolken songtekst Play Download
1998 Woorden Zonder Woorden songtekst Play Download
1998 Zo Jong songtekst Play Download
1998 Eltse Grins Foarby (ft. Frysk .. songtekst Play Download
1998 Blindelings songtekst Play Download
1997 In Nije Dei songtekst Play Download
1997 De Ideale Vrouw   Play Download
1996 Een Teken Van Leven songtekst Play Download
1996 Raak songtekst Play Download
sluiten